Ferkeap wurken Jentsje Popma: 30.000 euro foar Nijkleaster

31 okt 2016 - 17:00
Skilderij fan Jentsje Popma - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De ferkeapútstalling mei wurk fan keunstner Jentsje Popma yn de Redbadtsjerke fan Jorwert hat goed 30.000 euro opsmiten. De útstalling waard dit wykein hâlden foar de stichting Nijkleaster. Der binne fiif grutte wurken ferkocht foar elk 3500 euro it stik, en tsien lytsere wurken mei in priis fan 1500 euro.

It jild is bestimd foar in stichting dy't yn Jorwert in besinnings- en stiltesintrum realisearje wol. Popma hat syn atelier mei skilderijen skonken oan de stichting.

(advertinsje)
(advertinsje)