Fersmoarge grûn: wurk Boalserterwei Snits letter klear

It wurk oan de drokke ferkearsdyk de Boalserterwei yn Snits rint twa wiken fertraging op. Dat komt ûnder oare trochdat de grûn mear fersmoage wie as earder tocht. Boppedat lizze kabels en liedingen op oare plakken as op de tekeningen stiet.
De gemeente hat de oannimmer frege om te avensearjen. Neffens de nije planning is de dyk no begjin desimber klear. Oant dy tiid moat it ferkear omride.