Studint makket filmkes oer 115 jier groei fan Fryske plakken

De groei fan Snits © YouTube Geolekkers
Op Youtube stean sûnt snein nijsgjirrige filmkes wêryn't de groei fan ferskate Fryske wenplakken troch de jierren hinne te folgjen is. De filmkes begjinne by it jier 1900 en gean troch oant 2015. Sa is yn noch gjin twa minuten te sjen hoe't de bebouwing yn Ljouwert, Harns, Snits, It Hearrenfean, De Jouwer en Drachten yn 115 jier tanaam is.
De 29-jierrige Stef Verdonk hat de filmkes makke. Hy studearret ierdwittenskippen oan de Universiteit Utrecht en hat as hobby it meitsjen fan kaarten.
"Ik kende de programma's al waarmee je kaarten kan maken. Vorig jaar werd ik ziek, de ziekte van Pfeiffer, daardoor kon ik het veld niet meer in en bedacht mij dat ik me hier wel op kon storten", fertelt Verdonk oan kollega's fan RTV Oost. De studint hat alle data sammele fan de BAG, Basisregistraties Adressen en Gebouwen van Kadaster en ferwurke yn de filmkes.
Op YouTube pleatst Stef syn filmkes. Ek oare Nederlânske stêden binne dêr te sjen. Besjoch foar Fryslân de folgjende filmkes:
- Ljouwert
- Harns
- Snits
- It Hearrenfean
- De Jouwer
- Drachten