Cambuurtrainer Bens ferstoarn

14 maaie 2012 - 16:41

De alderearste trainer fan SC Cambuur Jan Bens is sneon op 91-jierrige leeftyd ferstoarn. Bens wie trainer fan Cambuur fan 1964 oant 1966 en fan 1968 oant 1970. Bekende spilers út dy tiid binne Oekie Hoekema, Pier Alma, Gerry de Jonge, Henny Weering en Johan Zuidema. Ek sjoernalist Johan Derksen fan Voetbal International hat by Cambuur ûnder trainer Jan Bens spile.

As spiler wie Bens in Feyenoorder. Hy wie de âldste noch libjende spiler fan de Rotterdamske klub. Yn de jierren '40 kaam er 76 kear út foar Feyenoord. Dêryn skoarde er 25 kear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)