Protest tsjin monumintestatus Burgum nimt ta

31 okt 2016 - 16:08

"Wij moeten zelfs een vergunning aanvragen, als we de ene kleur groen willen vervangen door de andere." De groep fan eigeners fan gebouwen yn Burgum dy't protest oantekenet tsjin de monumintestatus is grutter wurden. By de tweintich fan earst hawwe harren noch fiif oansluten.

De gemeente Tytsjerksteradiel wol 33 gebouwen oanwize as monumint. De bewenners en eigeners binne it net iens mei dat foarnimmen. Se hawwe in protestgroep oprjochte. In monumintestatus jout ekstra kosten en se moatte mear regelje.

Weardefermindering

Se binne boppedat benaud dat it gebou yn wearde ferminderet. Boppedat hat de gemeente de eigeners net belutsen by de plannen.

Nei 17 novimber pas reaksje

De protestgroep is net tsjin it prinsipe fan behâld fan erfguod, mar se fine de wize fan wurkjen fan de gemeente 'bepopkjend'. De groep sil in eigen sjenswize yntsjinje by de gemeente. Op de kommisjegearkomste fan de ried op 17 novimber sille se ynsprekke. De gemeente wol dan pas in reaksje jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)