Kristlike basisskoallen kinne dreech ynfallers fine

31 okt 2016 - 16:00
Skoalboerd - Foto: Omrop Fryslân

Bern fan kristlike skoallen yn Smellingerlân moatte ynkoarten mooglik ferplichte thúsbliuwe. Der binne hast gjin ferfangers te finen, as juffen of masters siik of mei ferlof binne. Dat skriuwt it Protestants Kristlik Basisûnderwiis yn Smellingerlân yn in brief oan de âlders.

It PCBO freget âlders mei te tinken oer it finen fan geskikte dosinten, dy't yn gefal fan need foar de klasse stean kinne. Troch nije wetjouwing moatte skoallen ferfangers in kontrakt jaan, by trije ynfalbeurten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)