Reorganisaasje by stjonkfabryk

It stjonkfabryk fan Sonac by Sumar
De fakbûnen ûnderhannelje mei destruksjebedriuw Sonac yn Sumar oer in reorganisaasje. Acht fan 'e hûndert banen by it bedriuw ferdwine omdat der minder wurk is. Dat komt troch de oprjochting fan in nij slachtfabryk yn Wijster, dêr't in groep plomfeeslachters mei úteinset is. Ek wurdt der wurk fan Sumar nei Son ferpleatst.
It bedriuw wol in tal minsken binnen it bedriuw ferpleatse en foar trije man ûntslach oanfreegje. De bûnen wolle dat foar de meiwurkers besjoen wurdt oft se binnen of bûten Sonac oan wurk holpen wurde kinne.