Partij voor de Dieren stelt PS fragen oer dongfergister

(fotofoarbyld) © Omrop Fryslân
De Partij voor de Dieren yn Provinsjale Steaten makket him soargen oer de útwreiding fan in dongfergister yn Tsjummearum. De fraksje hat heard dat omwenners al jierren lêst hawwe fan stjonkerij, leven en in soad ferkear dêrhinne.
De partij freget him ek ôf oft de eigener wol in fergunning hat foar de dongfergister.