Heechlearaar: Min mobyl berik? Jou it troch oan de provider

Minsken dy't yn bûtengebieten wenje en in min berik ha mei harren mobile telefoan, moatte dit oanjaan by de provider. As dy gjin of te min klachten krijt, dan docht de provider neat om it minne berik te ferhelpen. Dat seit heechlearaar elektrotechnyk Bart Smolders fan de Technyske Universiteit yn Eindhoven. Om minder ôfhinklik te wurden fan providers, kinne buertskippen mei-inoar in wifi-netwurk ynstelle om sa fergees te beljen, sa stelt Smolders.
Neffens Smolders hat it minne berik yn huzen en kantoaren in soad oarsaken, lykas stiel dat yn kezinen of yn de bewapening fan beton sit. Ek min waar hat ynfloed op it berik. Yn bûtengebieten stean faak te min antennemêsten. Kleie by de provider kin dan as gefolch ha, dat dy in ekstra antenne pleatst. In soad Friezen ûnderfine problemen mei it mobyl berik yn de provinsje. Ut ûndersyk fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei de NOS docht bliken dat it berik noch krekt in foldwaande krijt fan de Fryske brûkers.
Dat guon gebieten yn Fryslân noch hieltiid in min berik mei mobile telefoans ha, leit mei oan it ferset fan omwenners tsjin de komst fan nije stjoermêsten. Ek is it dreech om in fergunning foar in antenne te krijen, seit wurdfierder Jacob Groote fan KPN. "Met gemeenten zijn we constant op zoek naar goede plekken waar we masten kunnen neerzetten zodat we onze antennes en mobiele netwerk kunnen uitbreiden en dat is niet altijd eenvoudig. Niet iedereen is blij met een grote mast in zijn tuin en soms is het heel moeilijk om een vergunning er voor te krijgen."