Selstraf easke tsjin Noardwâldster foar bernemishanneling

Justysje © Omrop Fryslân
In man út Noardwâlde moat de sel yn foar it mishanneljen fan syn trije bern. Dat fynt de offisier fan justysje. Dy easke moandeitemoarn in jier sel, wêrfan de helte ûnder betingst. De styfmem fan de bern soe in wurkstraf fan hûndert oeren krije moatte, omdat se neat die.
De bern soene mishannele wêze as se by har heit útfanhûs wiene. De bern ha dat sels sein en in dokter ûnderskriuwt dat. Neffens de advokaat fan de fertochten lige de bern en soene se dêr ta oanset wêze troch harren mem.
De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.