PvdA hat soargen oer gefaarlike diken yn Surhústerfean

31 okt 2016 - 11:09
Wethâlder Jouke Spoelstra fan Achtkarspelen iepenet de fernijde dyk yn Surhústerfean - Foto: Binne-Louw Katsma

De PvdA-fraksje yn Achtkarspelen hat krityske fragen steld oer de werynrjochting fan de Jan Binnesleane, Gedempte Feart en in part fan de Blauhústerwei yn Surhústerfean. De fraksje seit nei oerlis mei pleatslik belang dat der nei de werynrjochting op guon plakken gefaarlike situaasjes ûntstien binne, benammen foar fytsers en fuotgongers.

Sa soene automobilisten troch de ûndúdlike ynrjochting fan de dyk op fytspaden parkearje. Dy situaasjes wiene der ôfrûne sneon by de offisjele iepening ek noch.

De fraksje wol dat de gemeente yn oerlis giet mei de ynwenners en dat der wat oan de ynrjochting dien wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)