Auto rekke yn de slip by ûngelok Reduzum

31 okt 2016 - 10:49

Ien fan de auto's dy't sneintemiddei belutsen wie by it ûngelok op de N354 by Reduzum wie yn de slip rekke. Dat meldt de plysje. Yn dizze auto sieten in man fan 27 en in frou fan 24 út de gemeente Súdwest-Fryslân. Harren auto botste op in oare auto. Hjiryn sieten in man fan 46 en twa bern fan 14 en 11 jier. Sy kamen út de gemeente It Bilt. Alle fiif minsken binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De dyk wie troch it ûngelok inkelde oeren ôfsletten.

Trefwurden: 
ûngelok Reduzum N354
(advertinsje)
(advertinsje)