Ynbrekkers slaan ta yn Bûtenpost en Moarre

31 okt 2016 - 10:35
Foto: Omrop Fryslân

Der is yn it ôfrûne wykein ynbrutsen yn fjouwer huzen yn Bûtenpost en Moarre. It giet om wenningen oan de Bernhardleane, Wollegras en De Zeilen yn Bûtenpost en de Skyligerwei yn Moarre.

De ynbraken wiene neffens de plysje yn de jûnsoeren of yn de nacht. Tsjûgen wurdt frege harren te melden.

Trefwurden: 
ynbraken Bûtenpost Moarre
(Advertinsje)
(Advertinsje)