Kollum: "Prinsen en prinsessen"

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
"Nederlân makke him it ôfrûne wike drok oer it nijs dat prinses Amalia aanst - as se 18 wurdt - oardel miljoen yn it jier krijt foar privépersoniel en ûnkosten. Boppedat krijt se 250-tûzen euro oan bûsjild. Nije jurkjes, it rydbewiis? Ik ha werklik wier gjin idee wêr’t se it allegear foar brûke moat. Wat kin no oardel miljoen yn it jier kostje?
Us Twadde Keamerleden stelden dyselde fraach. Mar neffens premier Mark Rutte moatte we net eamelje, want yn 2008 hat de Keamer ommers sels ynstimd mei dizze keninklike ‘útkearing’. Neffens Rutte kinne we de keutel no net wer ynlûke.
Oardel miljoen en 250.000 euro as bûsjild, it binne bedragen dêr’t in gewoan minske allinnich fan dreame kin om oait noch ris te winnen yn de Postcodeloterij. Mar oan de oare kant: soene jo mei Amalia ruilje wolle? Dat tenei alles watst dochst strang yn de gaten hâlden wurdt. Datst net mear gewoan te winkeljen kinst, op fakânsje of efkes gesellich nei de kroech. Want oeral leit paparazzi yn de boskjes en hiel Nederlân hat in miening oer dy. Sels foar gjin oardel miljoen soe ik in Amalia wêze wolle.
Ik tink dat se sels ek net sa bliid is dat har widze tafallich yn in paleis stie. Dat se ek lykas oare famkes fan 12 jier gewoan komasûpe wol en fereale wurde op in krantejonge, yn stee fan úthoulike oan in Dútske prins, lykas har beppe en oerbeppe.
Oer Dútske prinsen sprutsen, dit wykein gongen foar- en tsjinstanners fan de Oranjes op sociale media digitaal mei inoar op de fûst fanwegen it boek ‘Juliana, vorstin in een mannenwereld’. Yn dizze biografy oer de âld-keninginne wurdt net allinnich hár dwaan en litten ûnder it fergrutglês lein, mar ek dat fan prins Bernard. En dizze Dútske rokkejager komt der net al te bêst fan ôf, om it mar sêft út te drukken.
De konklúzje is helder. De Oranjes meie dan net kleie oer jild, mar betelje tagelyk in hege priis foar dit keninklike libben. En net allinnich as prins of prinses betellest de haadpriis om bekend te wêzen. Nim bygelyks sjonger Justin Bieber, dy’t neffens Shownieuws in penthouse op De Dam yn Amsterdam kocht hat. It keetsje soe mar leafst 24,5 miljoen euro koste ha. Dêr hie sels Amalia noch efkes foar sparje moatten. Mar soe sa'n Bieber-jonkje no wier gelokkich wêze as er dêr aanst sit? Dy jonge kin ommers gjin kant op.
Oeral dêr't er komt stean fan dy razende geiten om him hinne. Sterker noch, hy kin by in konsert de fans net iens mear stil krije. Dat besiket er no al wit ik hoefolle optredens, mar dy puberfamkes binne sa mei de hormoanen yn de war se mar gillen bliuwe. As tylske geiten yn it foarjier. Wylst Justin in gewoan kalm famke siket, dat net gau ûnder de yndruk is fan al syn pracht en praal.
Soe it no net moai wêze as Amalia en Justin inoar tafallich treffe op it doarpsfeest fan Wassenaar en dat dêr achter de tinte de fonk oerspat? Dat se tegearre stikem op in jûn yn de gouden koets stappe en útnaaie. Al dy miljoenen gean nei in goed doel: wetterputten grave yn Ethiopië, dêr't se yn in ienfâldich hutsje fan nijlpaardepoep wenje gean.
Gjin wurd hearre we oait noch fan it stel, oant Ivo Niehe ûntdekt dat der in prinseske berne is en mei syn Tros TV Show op besite giet by de lytse Beatrix Bieber. It gesintsje sjocht gelokkich yn de kamera wylst Ivo Niehe de wrâldferneamde sin flústeret: 'En ze leefden nog lang en gelukkig'. Want sa giet dat no ienkear by prinsen en prinsessen."