Drachtsters smite nitraatbommen fan balkon ôf

31 okt 2016 - 06:27
Foto: Facebook, Team Verkeer Noord-Nederland

De plysje hat snein twa Drachtsters oanhâlden foar it smiten mei swiere nitraatbommen. In auto fan de ferkearsplysje ried troch Drachten, doe't de plysjes in hurde knal hearden. Se setten de fideo-auto oan de kant en seagen dat der fan in balkon ôf mei fjoerwurk smiten waard.

De bewenner en de besiker dy't it fjoerwurk smiet, binne oanhâlden. De man hie in tas mei 273 nitraatbommen by him. Yn de wenning fan de man fûn de plysje nochris 40 fan dizze swiere bommen. It fjoerwurk is yn beslach naam.

Fan it smiten mei it fjoerwurk binne bylden makke mei help fan de fideo-auto.

Trefwurden: 
nitraatbommen Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)