VC Snits wint fan TalentTeam Papendal

© awfoto.nl
De follybalfroulju fan VC Snits hawwe snein mei 3-1 wûn fan TalentTeam Papendal út Arnhem. Yn de eigen sporthal begûnen de froulju fan trainster Petra Groenland net hiel goed en koene de gasten de winst pakke yn de earste set mei 21-25. De thúsploech kaam lykwols sterk werom yn de twadde set dy't se mei 25-15 wûnen. Ek de tredde en fjirde set kamen op namme fan VC Snits mei de setstannen 25-19 en 25-18.
Troch de winst klimt VC Snits no wer yn it klassemint en stiet mei 9 punten út 5 wedstriden op it 4e plak.