Streppel grutsk op SC Hearrenfean: "Dit smaakt naar meer"

30 okt 2016 - 19:53

Trainer Jurgen Streppel fan SC Hearrenfean is grutsk op syn ploech. De Feansters spilen snein yn Rotterdam mei 2-2 lyk tsjin Feyenoord, de koprinner yn de earedifyzje. "Trots, trots gevoel. Wat bij PSV niet is gelukt, lukte hier in De Kuip wel. Een groot compliment voor onze jongens", sa seit Streppel nei de wedstriid. "We zijn beter geworden en durven met meer lef en flair te spelen."

Neffens Streppel wie it in moaie wedstriid mei in terjochte útslach. "Als het langer had geduurd, hadden we waarschijnlijk gewonnen. Dit smaakt naar meer."

Soere penalty

Jeremiah St. Juste wie it net iens mei de penalty tsjin him foar in oertrêding op Feyenoorder Bilal Basaçikoglu. "Volgens mij was het geen penalty. Ik was sneller dan hem. Op een gegeven moment was ik naast hem en gaf ik hem een bodycheck. En dat mag niet volgens meneer Van Boekel", seit er oer de beslissing fan skiedsrjochter Pol van Boekel om de bal op de stip te lizzen. "Heel erg zonde, ik vind het heel erg zuur."

(Advertinsje)
(Advertinsje)