Dyk is wer frijjûn nei slim ûngelok op N354 by Reduzum

© Camjomedia
De plysje hat de N354 by Reduzum sneintejûn wer frijjûn. By in frontale botsing op de dyk rekken middeis twa bern en trije folwoeksenen ferwûne. De helptsjinsten rukten manmachtich út, mei ûnder oare seis ambulânses en in brânwachtauto.
Twa traumahelikopters wiene ûnderweis, mar koene fanwegen it minne sicht net lânje. De ferwûnen binne mei ambulânses nei ferskate sikehuzen yn it Noarden brocht. De N354 waard ôfsletten foar helpferliening en ûndersyk. It ûndersyk op de dyk is klear, mar de tadracht fan it ûngelok is noch net bekend makke.