Marrit Leenstra pakt sulver op 1000 meter by KNSB Cup

Marrit Leenstra © ANP
Marrit Leenstra fan Wikel is snein twadde wurden op de 1000 meter by de KNSB Cup yn Grins. De reedrydster dy't no yn Italië wennet, ried in tiid fan 1.17.14. Wrâldkampioene Jorien ter Mors wûn en ferbettere yn 1.16.36 it baanrekôr fan Ireen Wüst út 2013. Wüst waard tredde yn 1.17.46.
Anice Das waard fjirde yn 1.17.62. Dat smiet Das it twadde startbewiis foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden op.