SC Cambuur lit de punten yn Eindhoven

30 okt 2016 - 18:10

SC Cambuur is der net yn slagge it paad omheech troch te setten. De ploech fan ynterim-trainer Sipke Hulshoff ferlear mei 2-0 fan FC Eindhoven. De Brabanners kamen yn de 44e minuut op foarsprong troch in goal fan Sebastiaan de Wilde. Yn de twadde helte kaam Martijn Barto by SC Cambuur yn it fjild foar Sander van de Streek en gienen de Ljouwerters op jacht nei de lykmakker. Nettsjinsteande 67% balbesit foel dy lykwols net.

Nei in goed oere soarge Dario van den Buijs foar de beslissende 2-0. Yn de stân sakket SC Cambuur no nei it 14e plak.

De Ljouwerters hawwe 14 punten út 12 duels, twa minder as FC Eindhoven dy't troch de oerwinning Cambuur foarby geane.

(advertinsje)
(advertinsje)