Wer baanrekôr en titel Sven Kramer

Sven Kramer hat nei syn winst op de 5 km en de 1500 meter ek de titel pakt op de tsien kilometer. Kramer wie fierút de sterkste mei 13.07.63, in nij baanrekôr. Dat wie in lytse fjouwer tellen flugger as Jorrit Bergsma (13.11.22), dy't twadde waard. It brûns gie nei Erik Jan Kooiman yn 13.12.97.
De lêste twa tickets foar de kommende wrâldbekerwedstriden binne foar Jouke Hoogeveen en Douwe de Vries