Fiif ferwûnen by slim ûngelok op N354 by Reduzum

Twa bern en trije folwoeksenen binne sneintemiddei ferwûne rekke by in slim ûngelok op de N354 by Reduzum. Twa auto's botsten frontaal opinoar. Ien auto is dêrby kantele en op de oare telâne kaam. De helptsjinsten binne manmachtich oanwêzich op it plak fan it ûngelok, wêrûnder seis ambulânses en de brânwacht.
Twa traumahelikopters wiene ûnderweis, mar koene fanwegen it minne sicht net lânje. De ferwûnen wurde no mei ambulânses nei ferskate sikehuzen yn it Noarden brocht.
De haaddyk en de paralleldyk fan de N354 by Reduzum binne beide ôfsletten foar ferkear om de helpferlieners de romte te jaan. It is noch net bekend hoe't it ûngelok barre koe.