Kuorballers Oranje oppermachtich tsjin België yn EK-finale

30 okt 2016 - 15:13

It Nederlânsk kuorbalteam hat yn Dordrecht mei grut machtsfertoan har seisde Europeeske titel wûn. Oranje wie yn de finale mei 27-14 te sterk foar België. Foaral de start fan Nederlân wie izersterk: nei it earste kwart stie Oranje al mei 10-3 foar. By it skoft wie de stân 14-5. LDODK-er Marjolijn Kroon begûn yn de basis, yn de twadde helte kamen ek de oare beide Gordyksters Erwin Zwart en Friso Boode yn it fjild.

De 27-jierrige Boode krige oan de ein ûnder grut applaus in publiekswiksel: hy spile syn lêste ynterlân.

Datselde barde mei Tim Bakker (33) fan KZ.

(Advertinsje)
(Advertinsje)