19-jierrige Beetstersweachster rydt yn op Snitsers

30 okt 2016 - 12:06
Foto: ANP

In 19-jierrige man út Beetstersweach is sneontejûn oanhâlden op fertinking fan poging ta deaslach en mishanneling, omdat hy mei syn auto ynried op twa jongemannen út Snits. Hy hie rûzje mei de twa Snitsers fan 18 en 19 jier. Dy efterfolgen him ta yn in dearinnende strjitte. Doe't se útstapten ried de Beetstersweachster fol gas op harren yn en ramde ek harren auto. De fertochte stapte razend en tierend út. Hy foel ien fan de twa Snitsers oan en pakte de jonge yn in nekklem.

Uteinlik liet hy los en waard oanhâlden troch de plysje. Dy hat him meinommen nei it buro, dêr't hy noch altyd fêst sit. Ek is syn rydbewiis ynnaam. De plysje docht ûndersyk nei de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)