Auto út de bocht yn Dokkum: hast te wetter

Fjouwer ynsittenden fan in auto yn Dokkum hawwe sneontejûn gelok hân doe't harren auto op hichte fan de Kleastersingel út de bocht fleach en yn in tún krekt njonken it wetter ta stilstân kaam. De ynsittenden koene de auto ferlitte fia de passazjiersstoel. Op foto's is te sjen hoe't de auto foar in part boppe it wetter hinget. Der is nimmen ferwûne rekke by it ûngelok.