Thijsje Oenema: "scans binne goed"

Thijsje Oenema © ANP
It giet aardich goed mei Thijsje Oenema. Dat sei se sneon tsjin de NOS. Oenema, dy't in jier lyn te hearren krige dat se ûngenêslike melanoomkanker hat, wie as taskôger oanwêzich by de KNSB Cup yn Grins.
Neffens de langebaanreedrydster fan It Hearrenfean binne de behannelingen dy't se krijt swier, mar de scans litte in goede útslach sjen.