IIshockeyers UNIS Flyers mei 4-2 te sterk foar Hijs Hokij

29 okt 2016 - 22:52

IIshockeyklup UNIS Flyers fan It Hearrenfean hat sneontejûn mei 4-2 wûn fan Hijs Hokij út Den Haag. Beide ploegen kamen let op gong. Pas yn de twadde perioade waard de iepeningstreffer makke troch Lars den Edel: 1-0 foar de Flyers.

Yn de tredde perioade sette Marco Postma de Feansters op 2-0 en wie it Pippo Limnell dy't de 3-0 makke. De wedstriid like dien, mar mei noch twa minuten op de klok kamen de Hagenezen werom. Se fersulveren in penalty en even letter skoarden se opnij: 3-2.

Uteinlik wie it Tony Demelinne dy't yn de lêste sekonden de winst foar de Flyers fersekere en de einstân op 4-2 foar de thúsploech brocht.

Trefwurden: 
UNIS Flyers iishockey
(Advertinsje)
(Advertinsje)