Reedrydster Lollobrigida wint maraton yn Ljouwert

29 okt 2016 - 21:34
Foto: ANP

Op it iis fan de Elfstedenhal yn Ljouwert hat Francesca Lollobrigida sneontejûn ek de twadde wedstriid fan de KPN Marathon Cup by de froulju wûn. Yn de massasprint liet de Italiaanse reedrydster har konkurrinten Irene Schouten en Janneke Ensing efter har. Mei in twadde plak foar Schouten en in tredde foar Ensing seach it poadium der eksakt itselde út as ferline wike yn Amsterdam.

"We missen hier vanavond toch een paar echte toppers. Iemand als Carien Kleibeuker die even goed het gas erop gooit en de boel uit elkaar trekt. Dat is nu eigenlijk niet echt gebeurd", konkludearret Ensing op schaatsen.nl.

Corina Strikwerda fan It Hearrenfean waard fiifde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)