Trochgeande dyk Surhústerfean feestlik iepene

29 okt 2016 - 20:56
Wethâlder Jouke Spoelstra fan Achtkarspelen iepenet de fernijde dyk yn Surhústerfean - Foto: Binne-Louw Katsma

Ien fan de trochgeande diken yn Surhústerfean is sneon feestlik iepene troch wethâlder Jouke Spoelstra fan Achtkarspelen. It giet om it stik fan de Blauhústerwei oant en mei de Jan Binnesleane. De oanpak fan de trochgeande diken yn it doarp is ien fan de grutste ynfrastrukturele projekten fan de gemeente.

Der is in minyrotonde kaam en de feiligens foar fytsers en fuotgongers is ferbettere. Ek is it rioelsysteem oanpakt en de wetterôffier duorsumer wurden. De werynrjochting is yn gearspraak mei oanwenners, ûndernimmers en oare belutsenen dien.

"De nieuwe weg is van deze tijd: uitnodigend voor bezoekers en veilig voor alle gebruikers’, sa sei wethâlder Spoelstra by de iepening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)