Pâneigeners yn Burgum net iens mei plan foar monumintestatus

29 okt 2016 - 20:20
Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Tweintich eigeners fan pannen yn Burgum komme yn protest tsjin it foarnimmen fan de gemeente Tytsjerksteradiel om 33 pannen oan te wizen as monumint. Yn it nije ûntwerp bestimmingsplan Burgum 2016 stean de plannen om de huzen de gemeentlike monumintestatus te jaan.

De bewenners en eigeners binne it net iens mei dy foarnimmens en hawwe in protestgroep oprjochte. In monumintestatus bringt ekstra kosten en se moatte mear regelje, sizze se.

Ek binne se benaud foar eventuele fermindering fan de wearde fan harren pân. Boppedat hat de gemeente de eigeners hielendal net belutsen by de plannen. De protestgroep is net tsjin it prinsipe fan behâld fan erfguod mar fine de wize fan wurkjen fan de gemeente 'betuttelend'. De groep beriedt har op tsjinaksje en sil in eigen sjenswize yntsjinje by de gemeente. Op de kommisjegearkomste fan de ried op 17 novimber sille se ynsprekke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)