Mear as 40 partijen tekenje foar tsjuster yn Waadgebiet

It Waadgebiet wurdt Dark Sky Park. Sneontejûn hawwe 43 partijen dêrfoar in yntinsjeferklearring ûndertekene by Swarte Hoanne. De partijen, it bedriuwslibben en alle belutsen oerheden stelle dêryn dat se der alles oan dwaan sille om it ljocht safolle mooglik út te dwaan of te dimmen yn it gebiet. Tenei kin dan op it Waad it tsjuster fan de nacht echt belibbe wurde. Yn 2018 moat it Dark Sky Park in feit wêze.
Arsjitekt Nynke Rixt Jukema hat har de ôfrûne jierren bot ynset om it tsjuster werom te krijen. Neffens har past it goed by it Waadgebiet en is it ek goed foar de natuer. Dochs kealle it swier. Sa swier dat Jukema der begjin dit jier mei ophâlde woe.
It programma Naar een Rijke Waddenzee, in oerlisorgaan fan oerheden, natuerorganisaasjes en brûkers fan de Waadsee, pakte it inisjatyf lykwols op en hat yn in heal jier alle partijen safier krigen dat se ree binne it ljocht foar in grut part út te dwaan.
Programmadirekteur Hendrikus Venema tinkt dat it Dark Sky Park ekstra toeristen opsmite kin. Benammen om't it in bysûndere ûnderfining is yn it Wrâlderfguod Waadsee dy't elkenien meikrije moat, sa seit Venema.