Fryske top 100 úteinset: op wa bringe jo in stim út?

29 okt 2016 - 16:26

Mei fjouwer húskeamerkonserten fan De Kast en Piter Wilkens is sneon de stimmerij foar de jierlikse Fryske top 100 fan start gien. Oant en mei twadde krystdei kin der mei in top fiif stimd wurde op Fryske nûmers foar de útstjoering op âldjiersdei. De húskeamerkonserten binne yn Ljouwert, Wergea, De Jouwer en Garyp.

Op twadde krystdei is der noch in lêste stimronde wêrby't ek telefoanysk in top fiif trochjûn wurde kin. Foarich jier wie Fûgels fan Die Twa it meast populêre Fryske nûmer.

Stimme foar de Fryske top 100 of oanmelde foar in húskeamerkonsert kin fia frysketop100.nl en de app. De Fryske top 100 wurdt op 31 desimber útstjoerd op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)