Súdwest-Fryslân siket ferbining mei ynwenners op iepen dei

De gemeente Súdwest-Fryslân organisearret sneon in iepen dei. De gemeente wol sa de ferbining sykje mei de ynwenners yn de regio. Op meardere plakken yn Snits koene minsken sjen nei saken dy't de gemeente útstald hat. Sa is de Veemarkthal yn Snits ûnder oare ynrjochte troch de brânwacht, de plysje, mar ek troch meiwurkers dy't op de bûtentsjinst by de gemeente wurkje.
Belangstellenden koene op de foto setten wurde troch in drone, útsykje litte hoe grut har perseel is of priuwe fan in spesjale sûkeladefontein.
De fontein makket ûnderdiel út fan it plan foar de seis fonteinen dy't yn de gemeente Súdwest-Fryslân komme moatte foar it Eleven Fountains projekt fan Kulturele Haadstêd 2018.