GemeenteBelangen SW-Fryslân tsjin hegere toeristebelesting

29 okt 2016 - 15:12
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

GemeenteBelangen Tottaallokaal Súdwest-Fryslân is poer tsjin op de ferheging fan de toeristebelesting yn de gemeente. De belesting foar toeristen soe mei 25 sinten omheech gean nei 1,25 euro. In ferheging fan in kwart, dy't de ûndernimmers neffens GBTL troch "de strôt drukt krije".

De partij fynt it net kinnen dat dit krekt nei in ekonomyske krisis bart. Yn in tiid wêryn't de ûndernimmers neffens har dwaande binne om alles wer op te bouwen. "Wij prijzen ons uit de toeristische markt met een dergelijke verhoging", sa seit GBTL.

It foarstel fan it kolleezje dat der de kommende fiif jier gjin oare ferhegingen fan de toeristebelesting mear folgje sille, neamt de partij in "doekje voor het bloeden".

Earder dizze wike wie der in protest fan de rekreaasje-organisaasjes Recron en Hiswa tsjin de ferheging. Sy fine it útmelkerij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)