'Kassen Tsjummearum gau slope'

14 maaie 2012 - 14:39

De gemeente Frjentsjerteradiel sil optrede tsjin de eigner fan in kassenkompleks yn Tsjummearum. De kassen steane al tsien jier leech. Hast alle ruten lizze derút en oeral leit glês. Neffens doarpsbewenners is dit gefaarlik foar de bern dy't dêr boartsje.

De widdo fan 'e eigner seit gjin jild te hawwen foar de sloop en seit dat de gemeente foar de kosten opdraaie soe. Boargemaster Fred Veenstra ûntkent dit en wol no dat der gau wat oan de situaasje dien wurdt. Sa wurdt juridysk útsocht wat mooglik is en der komme stekken om de gebouwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)