Opgraving keunstwurk: frijwilligers komme net opdaagjen

29 okt 2016 - 13:53

Yn Oerterp soene sneontemoarn frijwilligers dwaande mei it opgraven fan in keunstwurk. Mar der kaam net ien opdaagjen. It giet om in ferjitten 'aardschotel' yn de jierren '70 makke troch keunstner Jaap van der Meij. De omwenners hiene blykber gjin nocht om dêr sneon mei oan de slach te gean. It opgraven fan de keunst heart by it projekt 'Kunst met een opdracht', bedoeld om wer omtinken te krijen foar ferjitten keunstwurken út de weropbouperioade.

Trefwurden: 
Oerterp Aardschotel keunst
(Advertinsje)
(Advertinsje)