Utsetting driget foar Afgaanske Sami

29 okt 2016 - 13:34

De Afgaanske Sami út Ljouwert driget nije wike útset te wurden. Sami is al seis jier troud mei in frou út Ljouwert en hat mei har in famke fan oardiel jier. De Afgaanske flechtling soe al twa kear earder op it fleantúch nei syn bertelân set wurde mar dat gong beide kear net troch. Ien kear om't de juridyske proseduere noch rûn en ien kear fanwegen arbo-aksjes op Schiphol. No liket it dochs lang om let de ein fan it ferhaal foar Sami yn Nederlân.

Syn frou is bot oandien troch de hele gong fan saken, en se besiket mei freonen en famylje fia de polityk noch in oplossing te finen.

Trefwurden: 
útsetting Sámi
(Advertinsje)
(Advertinsje)