25-jierrige man slacht en byt dokterswacht-sjauffeur

In auto fan de Dokterswacht Fryslân © Omrop Fryslân, Aise van Beets
In 25-jierrige man út de gemeente Dongeradiel is yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden foar mishanneling fan in sjauffeur fan de dokterswacht. Hy begûn op de sjauffeur yn te slaan neidat dy him besocht oan te sprekken yn syn auto oan de kant fan de sneldyk.
De dokterswacht en syn sjauffeur seagen de man mei syn auto op in rydstrook stean, mei syn holle op it stjoer. Doe't se op it rút kloppen krigen se gjin reaksje fan de man. Dêrop ha se de kaaien út it kontakt helle en de plysje belle. Op dat stuit realisearre de fertochte him dat er syn kaaien miste en foel er de dokterswacht en syn sjauffeur oan. De fertochte klom fia de efterkant it dokterswachtbuske yn, griep de sjauffeur yn in wurchgreep en begûn op him yn te slaan en te biten. Yn de wrakseling dy't folge slagge de fertochte deryn syn kaaien werom te pakken en út te naaien. De plysje koe de man even letter oanhâlde.