Spesjaal gefoel foar Cambuurspiler N'Toko tsjin âlde klup

29 okt 2016 - 10:16

Chiro N'Toko, de sintrale ferdigener fan Cambuur, spilet snein tsjin syn âlde klup FC Eindhoven. Foardat N'Toko dizze simmer nei Cambuur kaam hat er trije jier spile foar de Eindhovenaren. It wurdt wol in spesjale wedstriid foar de Ljouwerter "Ik heb daar drie jaar gespeeld, en dat waren drie mooie jaren."

Hy hat noch kontakt mei in oantal teamgenoaten fan FC Eindhoven en de wedstriid fan snein wurdt dan ek goed besprutsen, sa seit de ferdigener: "Ik krijg veel berichtjes van oud-teamgenoten, we sturen wat grapjes heen en weer."

Earder dizze wike moast FC Eindhoven tsjin dy oare Fryske klup, SC Hearrenfean, spylje om de KNVB beker. N'Toko wie wol ûnder de yndruk fan FC Eindhoven, en ferwachtet snein in goeie wedstriid: "het was (donderdag) spannend tot de laatste minuut."

(Advertinsje)
(Advertinsje)