Liften provinsje prate Frysk
De fjouwer liften yn it provinsjehûs yn Ljouwert prate fan moandei ôf Frysk. Minsken dy't de lift brûke, hearre yn it Frysk op hokker ferdjipping se binne.
De Fryske liften binne in winsk fan de fraksjes fan PVV en PvdA. Sy fûnen it frjemd dat de paadwizers yn it provinsjehûs wól yn Frysk wiene, en de liftstim net. De stim fan provinsjemeiwurkster Karin Vaartjes is brûkt foar de Fryske teksten.