CDA-foarsitter fynt opstappen Thea Koster tige spitich

29 okt 2016 - 07:51

Foarsitter Theo Joosten fan de CDA-ôfdieling Ljouwert fynt it tige spitich dat wethâlder Thea Koster opstapt mei yngong fan 1 jannewaris. Koster makke freed bekend dat se takommend jier oan de slach giet by it Deltion College yn Zwolle. Koster komt dêr yn de ried fan bestjoer. Dy oerstap fan Koster betsjut dat it CDA no twa nije wethâlders foardrage moat, want Harry van der Molen stiet op in ferkiesber plak fan de CDA-list foar de Twadde Keamerferkiezings. De ferwachting is dêrom dat hy yn maart opstappe sil.

Net bliid mei oerstap
Joosten stie neffens eigen sizzen dan ek net te springen fan blydskip doe't er hearde dat Koster al yn jannewaris fuortgiet. Hy beskôget Koster as in wethâlder mei in soad ûnderfining. It CDA-bestjoer wie wol op de hichte fan de ambysje fan Koster om in baan bûten de polityk te sykjen. Koster hie earder al tsjin it ôfdielingsbestjoer sein dat se net wer op de list woe foar de kommende gemeenteriedsferkiezingen.

Stuolledûns
It opstappen fan de wethâlders soarget foar in lytse stuolledûns by it CDA yn Ljouwert. Fraksjefoarsitter Friso Douwstra sil Thea Koster yn jannewaris 2017 opfolgje as wethâlder. Douwstra wurdt op syn beurt as fraksjefoarsitter opfolge troch gemeenteriedslid Dirk Sierd de Vries. Fokelien van der Meulen-Diever fan Grou komt yn it plak fan Douwstra yn de gemeenteried. Nei in twadde nije wethâlder en nei in listlûker foar de ferkiezingen fan takom jier is it CDA noch op syk. De ôfdieling Ljouwert sil de nije list gearstalle yn nau oparbeidzjen mei de ôfdieling Ljouwerteradiel, omdat dy gemeente yn 2018 mei Ljouwert fusearret. De partij hat dêr al in proseduere foar ôfpraat; foar de simmer fan 2017 moat bekend wêze wa't dy listlûker wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)