Froulju fan SC Hearrenfean ferlieze

Feanfroulju ferlieze fan FC Twente © Martin de Jong
De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn mei 3-1 ferlern fan FC Twente. Yn de 34ste minút skoarde Dorien Zeinstra foar de Feansters. Flak nei rêst kaam Twente op likense hichte troch in doelpunt fan Jill Roord. Dy stân bleau lang op it skoareboerd stean, mar yn de 89ste minút benutte Ellen Jansen in penalty en brocht de Twintske froulju op foarsprong.
De ploech rûn dêrnei noch fierder út troch in treffer fan de ynwiksele Lineth Beerensteyn yn de 93ste minút dy't dêrmei de einstân fan 1-3 foar har rekken naam.