Grûn kocht foar bettere ferkaveling

Gaswinning © ANP
De bestjoerskommisje Frjentsjer-Harns hat de grûnpot foar ferkaveling oanfolle oant 250 hektare. Twa ûndernimmers út Sweins (30 bunder) en Pitersbierrum (41 bunder) tekenen in akte wêrmei't se ôfstân diene fan har bedriuw.
De bestjoerskommisje keapet de grûn yn opdracht fan de provinsje. De grûn is nedich om de kommende jierren ta in goede ruilferkaveling mei boeren te kommen yn it boaiemdelgong-gebiet Frjentsjerteradiel-Harns. Dêr sakket de boaiem troch gas- en sâltwinning en troch it útruiljen fan grûn kin de provinsje maatregels nimme.