Erasmus-keunstwurk mei Fryske tegels ûntbleate

28 okt 2016 - 20:56

It keunstwurk ta neitins oan it bertehûs fan Erasmus is freed yn Rotterdam ûntbleate troch boargemaster Aboutaleb. It keunstwurk is beplakt mei goed 1.400 tegels dy't makke binne by Albarello út Menaam. Foar elke tegel is in ûntwerp makke, dêr is in seefdruk fan makke en dy is wer ôfbakt.

De tegels foarmje it portret fan Erasmus en dêrop binne útspraken fan de humanist en filosoof te lêzen. Desiderius Erasmus is de meast ferneamde Rotterdammer. De ûntbleating wie op syn 550ste bertedei.

De tegeltsjes dy't Albarello makke hat binne mei in spesjale keramyske printmetoade makke en bewurke mei de tradisjonele skildertechnyk. Op guon tegeltsjes binne sels gouden aksinten oanbrocht. Yn it fabryk fan Albarello yn Menaam is moannen oan de tegels wurke.

Trefwurden: 
Erasmus Albarello tegels
(Advertinsje)
(Advertinsje)