EO-tv oer Fryslân & Nassaus

De EO komt mei in nije rige tv-programma's oer de relaasje tusken Fryslân en de Nassaus. Nassau-kenner Bearn Bilker makket dizze rige tegearre mei aktrise Anne Wil Blankers. It giet om sân ôfleverings dy't útsjoerd wurde sille yn it programma Blauw Bloed.
Anne Wil Blankers sil foar it programma mei Bearn Bilker troch Ljouwert kuierje wêrby't se ûnder mear Us heit, it stedhús en de grutte tsjerke opsykje sille. De opnames wurde makke yn juny. De útstjoerings binne dan takom winter.