Bijker wer fit foar topper tsjin Feyenoord

28 okt 2016 - 17:36

Sportklup Hearrenfean kin snein yn de topper tsjin Feyenoord wer beskikke oer Lucas Bijker. De linksback foel ferline wike yn de wedstriid tsjin Heracles blesseard út troch in blessuere oan syn hamstring. Dêrom koe hy tsjin Eindhoven net meidwaan. Pelle van Amersfoort is noch herstellende fan in bline term operaasje en is der dêrtroch net by. Yuki Kobayashi en Sam Larsson sille wer yn de basis begjinne. Yn de beker tsjin Eindhoven foelen se pas in kertier foar tiid yn.

Opstelling: Mulder, Marzo, Van Aken, St. Juste, Bijker, Schaars, Kobayashi, Namli, Zeneli, Reza en Larsson

(advertinsje)
(advertinsje)