Paden yn Snitser Wilhelminapark wurde opknapt

28 okt 2016 - 17:22
Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

De paden yn it monumintale Wilhelminapark yn Snits wurde opknapt. Se binne op 't heden noch asfaltearre, mar der sitte skuorren yn dêr'tst oer stroffelje kinst. De paden wurde no heal ferhurde, en dan sjogge se der wer krekt sa út as eartiids. It park waard yn 1898 ûntwurpen troch de ferneamde túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp.

Trefwurden: 
Wilhelminapark Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)