Europeeske nominaasje foar ynternet op it plattelân

© Omrop Fryslân
De organisaasje Fryslân Ring, dy't him ynset foar rap ynternet foar elkenien is nominearre foar in belangrike priis: De European Broadband Award 2016. Dy ûnderskieding is ferline jier yn it libben roppen troch de Europeeske Kommisje. Doel derfan is om projekten mei in soad sukses yn hiel Europa bekend te meitsjen. Fryslân Ring bestiet tsien jier en hat der yn dy tiid foar soarge dat alle grutte bedriuweterrein en in soad plakken bûtenút glêsfezel krigen hawwe.
De organisaasje is mei noch twa oare projekten nominearre. Mids novimber wurdt bekend wa't de European Broadband Award krijt.