"Dit is fierstente mâl, wat moat se mei sa'n soad jild"

"Ik soe net graach mei Amalia ruilje wolle. Ik bin steld op myn frijheid en dat hat se net", dat wie ien fan de opmerkingen op de Ljouwerter freedsmerk oer Amalia's útkearing. Nei fragen oer de mooglike kompensaasje fan de belesting fan de Oranjes, is no it jild foar Amalia it petear fan de dei. Oardel miljoen yn 't jier krijt se as se 18 wurdt, mei dêrfan 2,5 ton skjin as 'bûsjild'. In soad reaksjes wiene negatyf: "Dit is fierstente mâl, wat moat se mei sa'n soad jild" en "It is skandalich, in protte minsken yn earmoede wurde net holpen."
Mar der wiene ek in opmerklik soad nuansearre reaksjes: "Ik bin niet jaloersk, ik bin gelokkich en dat is ek rykdom", of: 'Ik ben koningsgezind en dat mag wat kosten". Mar ek: "Als je ziet wat er in Amerika gebeurt, denk ik laten we het maar mooi zo houden hier." En dan wie der ek noch de nuchtere konstatearring dat it in hype is om hjir wat te finen, mar dat der dochs wol wichtiger saken binne om je drok oer te meitsjen...