Sander de Rouwe mei Fryske ûndernimmers nei Silicon Valley

28 okt 2016 - 14:11

In groep Fryske ûndernimmers giet snein nei Silicon Valley, yn San Francisco yn Amearika. Se sille op besite by technologybedriuwen, startende ûndernimmers en kennisynstituten. De ûndernimmers hoopje dêrmei te learen hoe't se sels nije dingen ûntwikkelje kinne.

De reis is organisearre troch de Rabobank Ljouwert-Noardwest Fryslân. Ekonomy-deputearre Sander de Rouwe giet ek mei. Hy fynt it belangryk dat Fryske bedriuwen sels sokke praktykkennis organisearje. De rol fan technology wurdt yn de takomst allinne noch mar grutter, ferwachtet er.

(advertinsje)